Praat (én skriuw) mar Frysk!

In blog skriuwe yn it Frysk. Moat ik my dêr wol oan weagje? Wat doch ik my sels oan?!  It hiele idee fan 'gewoan gesellich' is just in lyts momint fan ûntspanning en rêst. Tegearre in (virtueel) bakje kofje drinke en keuvelje oer deistige saken.  As ik my drok meitsje moat om grutte as lytse flaters yn it skriuwen komt der fan ûntspanning net folle. Wêrom dan trochsette? eins is dat kaam troch in útspraak fan skriuwster Hilda Talsma. Ik hear har sizzen dat in soad Friezen wol Frysk prate en yn it Frysk tinke mar it net oan doare om it ek te skriuwen. Nuver eins dat de latte sa heech leit. Dit is ek myn euvel. Yn myn hiele wêzen bin ik Frysk, ik brûk it alle dagen en skriuw ek wol ris wat stikjes foar myn berne-opfang (appels & parren) mar allegear noch mar hiel súntsjes.  Spitich want ik fyn it in prachtige taal, mei safolle moaie wurden dy't ferlen reitsje wannear't se net brûkt wurde. Komt noch by dat as ik my sels in bytsje serieus nimme wol as Fries en ynwenner fan in twatalige provinsje hear ik dit gewoan te kinnen. Mei in splinternij Frysk wurdboek, de oersethelp op ynternet en jim as krityske lêzers kom ik in hiel ein!

Wêrom net gewoan op in Afûk kursus? ja dat soe eins wol moatte en stiet ek heech op myn dingen te dwaan list. Mar drok, drok, drok. Neist bern, wurk en tal fan hobby's (hiphergebruik) bin ik krekt begûn mei in stúdzje berne-psychology en dan is de tiid wol sa'n bytsje op.  Ik ha wol in soad wille  yn it skriuwen dus ik tink net dat ik it noch lang foar my út skowe kin. We sille sjen hoe dit rint.


Sa de kop is derôf, it earste stikje op 'gewoan gesellich' is in feit! Hoopje jim hjir gau wer ris te treffen. Groetnis en oant in oare kear! 





Bloglovin

Reacties