Dikke tút

Elk hat sa syn eigen gewoantes en rituelen. Sa stean ik elke moarn by de doar (yn de kjeld!) om de bern in goeie dei te winskjen. Hjir heart in fêst rideltsje by dat giet dan sa: hast alles? neat ferjitten?  sjoch goed út, doch foarsichtich, set him op en as lêste noch in dikke tút. De âldste fan de trije (soan fan 14 jier) lit dit ritueel wat oer him hinne komme mei in blik fan 'is mem hast klear, ik wol no fuort en bin al let' derby. De twadde (dochter fan trettjin) stapt moarns as earste op de fyts en hat in wat rommere planning, net allinne is der tiid foar in dikke tút mar krij ik der ek noch in krûpke by. De jongste (soan fan 7 jier) hat moarns alle tiid want wurdt faak al earder wekker fan syn grutte broer en suster. Syn skoalle is ticht by hûs, en dêr kin hy yn alle rêst sels hinne rinne. By de doar hat hy noch allegear ferhalen en yn myn belibbing de kop der net hielenal by, de tút giet dan faak wat bryk. Jout neat dogge wy it noch in kear.  Sa ek justermoarn. Mar dizze kear seit er 'dat doch ik mei opset mem, want dan krij ik der noch ien! '

It binne mar lytse mominten mar mei safolle leafde dat hat syn plakje hjir en hjoed wol fertsjinne.



Dizze moaie kaart ha ik yn in romantyske bui al ris kocht mar nea brûkt, oan ien kaart ha ik dochs net genôch?  Winskje jim in leafdefol bakje hjoed op dizze dei fan de leafde!


Reacties