Fleurich en blier


Yn de tún stiet in plant, miskien is it ek wol in beamke. Soe sa mar kinne. Eins hie ik dat earst útsykje moatten foar't ik der hjir wat oer skriuw mar ik hoech my ek net kundiger foar te dwaan dan dat ik bin.  It giet ek net om de plant as beam mar om de emoasjes dy't it opropt, it gefoel dat it my jout. 

Dizze nageltsjeblom want dat hat de kenner fansels al lang sjoen, ha wy kado krigen. Net samar, mar om te fieren dat de jierren fan dreamen oer en wurkjen oan myn nije wurkplak oan hûs foarby binne. 

It is klear, it is slagge en it is prachtich!

It is al wer sa gewoan. Wy binne der allegear al hielendal oan went mar wat bin ik der alle dagen wer bliid mei. Wy ha eefkes wachtsje moatten op de blommen (ja, mei dochs wol wat soarch dat er it net goed dwaan soe) mar dizze maaitiid wiene se der ynienen. Krekt yn in tiid dat ik de fleur en it positive effekt dat dizze blommen op myn gemoedstâstân ha goed brûke koe. Ik hoech mar mei de noas boppe de blommen te hingjen en myn stimming is fuort in hiel ein better.

Pjutten ha in fase yn it boartsjen dat sy guod hamsterje, net ien auto yn in tas mar safolle mooglik. It giet ek net om it boartsjen mei de auto's mar om de samling.

Eins moat ik krekt as lytse bern in samling oanlizze mar dan wol ien mei guod wêr't ik fuort in fleurich, neat te rêden, de sinne skynt, komt allegear goed, postyf gefoel by krij. Dat kin fansels fan alles wêze in geur, kleur, boek, musyk, tekst, foto, keunst, iten, blommen, planten, de loft. Mar ek in momint as in oantinken. 

In samling fleurich en blier foar alle mominten dat neat gewoan liket, de kofje net smakket en it al hielendal net gesellich is. De geur en kleur fan dizze blom is foar my al in hiel goed begjin. 

Reacties