Boartsje

Eefkes wobbelje op de wobbel (balânsboerd), yn de keamer dûnsje mei de (oppas) bern as hiel lûd sjonge yn de auto, hearlik en eins is it allegear boartsjen sa wit ik no. Ik soe mysels net omskriuwe as boartlik, mar boartsje doch ik wol in soad!



Stúdzje
Ik bin al in skoftsje dwaande mei in kursus berne psychology. It tempo leit net sa heech, op it stuit echt fiersten te leech, mar alle wiken doch ik in haadstik en al giet it stadich ik sil grif it ein wol helje. In hiel haadstik giet dus oer boartsjen, hoe wichtich boartsjen is foar bern en harren ûntwikkeling.

In libben lang boartsje
By it wurd boartsjen tinkst al gau oan bern, mar in minsk boartet syn hiele libben lang. Folwoeksenen dus ek! Wy neame it allinne gjin boartsjen mar in hobby.  Alles watsto mei wille dochst sûnder spesifike needsaak is boartsjen.

Boartsjen wichtich en nedich
Fan boartsjen wurdsto kreatyf, it ûntspant en stimulearet! Ut tal fan ûndersyken docht blyken dat in libben sûnder boartsjen hiel min is foar ús sûnens. Mear stress, gau wurch, in koart lontsje en in gruttere kâns op in depresje.   Pfff, dat is nochal wat. Soest der hast serieus wurk fan meitsje wolle, mar dat is fansels krekt wer net de bedoeling. It jout wol oan  dat wy it boartsjen nedich ha en dat it wichtich is om tiid frij te meitsjen om dat te dwaan wêrsto wille oan belibbest. 

Spelen is een bezigheid die men niet ernstig genoeg kan nemen. 
Jacques-Yves Cousteau

'Lit my mar boartsje!
As gastâlder fan lytste bern is (mei) boartsjen in fêst ûnderdiel fan myn dei. Ik doch it mei wille, mar it is boartsjen mei in doel en needsaak, it heart by myn wurk. De echte ûntspanning helje ik út myn hobby's. Nifelje, foaral it haken, boek lêze en rymkes as stikjes skriuwe. Man en ús trije bern ha wol gauris de gek mei my as ik wer ris dwaande bin mei in gekke mûtse as sjaal of net lústerje om't ik mei myn noas yn in 'sprookjesboek' sit. It sil wat, lit my mar lekker boartsje, ik wurkje oan myn sûnens! 





Reacties