In oantinken

Der binne mominten dast troch in ferske, in geur, in foto as gesprek, ynienen wat werom helje kinst wat lang lyn bart is. Ik ha altyd gefoelich west foar ferskate prikkels en bin dan ek samar eefkes werom yn de tiid. Dizze kear is de oanlieding wol hiel dúdlik. De direkteur van ús bassisskoalle nimt hjoed ôfskie fan skoalle en it ûnderwiis. Allinne us jongste soan giet hjir noch nei skoalle mar de âldste beide bern ha har noch as juf hân. Wy ha allegear de fraach krigen om in stikje oer en foar har te skriuwen. Sa komt it dat ik fragminten fan myn eigen legere skoalletiid op 'e nij belibje mei alle emoasjes en gefoelens derby want sa wurket dat by my.

Jim juf, sa fertel ik oan myn bern, hat 38 jier lyn ek myn juf west, miskien in bytsje nuver mar bysûnder is it ek! Ynienen komt der fan alles boppe driuwen oer myn skoalletiid. Ik freechje my fuort ôf hoe betrouber it unthâld is mar myn gefoel derby kin dochs net oars as suver wêze? It hat yn elts gefal djip yndruk makke en dat sil de reden wol wêze dat my der safolle fan by bleaun is.

It is begjin jieren tachtich, ik wie in famke fan 4 jier (miskien in bytsje âlder) en kaam midden yn it skoaljier op in nije skoalle. Net fan harte, ik wit dat myn âlders harren der knap lilk om makke ha dat ik net op myn âlde skoalle bliuwe koe. In foar my frjemde frou hat my op in dei út de klas helle, it plakboek mei al myn nifelwurkjes krige ik mei mar de tekening wêr't ik op dat momint mei dwaande wie bleau lizzen. Dêr fielde ik de earste triennen al prikken, op'e tosken bite en net gûle. Dat wie sa'n bytsje myn mantra de hiele legere skoalletiid. Ik wie en bin hiel gefoelich, no wit ik dat it in namme hat (HSP) mar dêr kinne wy it in oare kear wolris oer ha. De frou hat my sa achterop de fyts set en my nei de oare en nije skoalle brocht oan de oare kant fan it doarp. In nuvere en net al te bêste start op in nije skoalle, mei nije bern en in nije juf.

Myn nije juf hie in hiele dikke búk (dêr siet in poppe yn fertelden de oare bern fuort) en in broek oan wêr fan de knoop en de rits net mear ticht koene. In elastiekje moest de boel wat byinoar hâlde. Fan myn heit mochten wy net mei stikkene klean de doar út, en in knoop of rits die't net ticht kin wie fansels wol hiel slim. Dit hat bot yndruk makke. Ik hie sa mei juf te dwaan, net fanwege de dikke búk mar fanwege de broek mei it elastiekje, en ha doe fuort betocht dat it geheim bliuwe moest. Ik soe it nea oan myn heit en mem fertelle en dat ha ik ek net dien...

Jierren letter doe't ik sels mei in poppe yn'e búk om stapte en op syk gie nei in elastiekje om myn broek noch wat byinoar te hâlden moest ik dêr wer oan tinke en ha ik der eefkes hertlik om lake.

Reacties